De Grize Pyt is it noch net hielendal, "maar laten we niet gaan miepen"

Gjin Swarte Piten, mar Grize Piten by de Sinteklaasyntocht yn Ljouwert. It yntochtkomitee yn de stêd wol definityf ôf fan de Swarte Pyt. De Grize Pyt soe in moaie oplossing wêze foar de diskusje oer de hûdskleur fan de piten. GrienLinks pleitet al langer foar in yntocht sûnder de tradisjonele Swarte Pyt, en fynt de Grize Pyt in stap yn de goede rjochting.
© Omrop Fryslân
Femke Molenaar, riedslid fan PAL/GrienLinks Ljouwert, fynt de Grize Pyt in positive ûntwikkeling. "Zeker als je je realiseert dat er vorig jaar rond deze tijd nog geen enkele beweging was. Toen moest de Piet zwart zijn en blijven. Deze stap juichen wij toe."
Molenaar beskriuwt har earste reaksje op in foto fan de Grize Pyt as "een Zwarte Piet die een verkeerde pepernoot heeft gegeten". Neffens har soe in kleure Pyt, sa as in Pearze as Blauwe Pyt, ek in opsje west hawwe, dat binne ek gjin hûdskleuren. "Ik werd er niet heel erg vrolijk van de grijze Piet." Wol is se bliid dat der no dochs in beslút naam is, ek al is it neffens har lykwols net 'it einpunt fan de reis'.

Net seure

"Mijn gevoel is, laten we niet gaan miepen, laten we de handen open houden, en kijken hoe we samen verder kunnen gaan met verschillende kleuren, andere haarstijlen, meer variatie om de 'mythische vriend', zoals de comités het noemen, te verbeteren." Molenaar fynt it dan benammen wichtich dat oare minsken ek ynspraak hawwe yn it uterlik fan de Pyt. "Mensen wilden helpen met deze verandering, maar zij zijn in hun eigen bubbel hierop uit gekomen. Het zou mooi zijn als ze nu met de mensen die de verandering willen hebben erbij zouden betrekken", sa seit it riedslid.
Femke Molenaar, riedslid fan GrienLinks, oer swarte pyt