Tal WW-útkearings rint al fiif moannen werom

It tal WW-útkearingen yn Fryslân is yn septimber fierder ôfnaam. Flak nei de corona-útbraak wie der in grutte groei yn it tal WW-útkearings, mar yntusken sakket dat al in pear moannen efterelkoar.
It gebou fan it UWV yn Ljouwert © Omrop Fryslân
It komt ûnder oare troch stipemaatregels fan de oerheid, dêrtroch komme der minder minsken yn de WW. Dêrnjonken ferlit in soad jeugd de WW nei in pear moannen, omdat sy wurk fine of omdat de koartduorjende WW-útkearing ôfrint.
Ein septimber telde Fryslân 10.270 WW-útkearings. Dat is 3,0 persint fan de Fryske beropsbefolking. In moanne earder wiene der noch 571 mear útkearings. It is in delgong fan 5,3 persint. De WW rint foar de fiifde moanne op rige werom.

Noch wol folle mear as ferline jier

Ferlike mei in jier lyn binne der wol hieltyd in stik mear minsken mei in WW-útkearing yn Fryslân: 14,9%. Dat komt troch de groei fan de WW yn de earste moannen nei de corona-útbraak.