Finansjele skea Amelanner keunstmoanne rint bot op troch lette skrassen

De keunstmoanne op It Amelân giet takom moanne net troch. Troch de maatregels dy't it kabinet tiisdeitejûn nommen hat, kin de 24e edysje fan it evenemint net trochgean. It skrassen fan de keunstmoanne komt op in let momint. Mei dêrtroch rint de finansjele skea bot op.
Oeral is keunst te finen op It Amelân © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ien fan de wichtichste saken om it te skrassen is it sosjale aspekt, seit direkteur Pieter Smit fan de keunstmoanne. "We moatte net te bot reizgje om besmettings foar te kommen, seit it kabinet. Dat kinne je as organisaasje net sizze: kom mar nei It Amelân ta." Der komme gewoanwei sa'n 6.500 oant 7.000 besikers nei it evenemint.
"Dêrnjonken hast ek noch de praktyske saken, lykas de hoareka dy't ticht moat. Want de minsken komme hjir wol foar de keunst, mar dy wolle dêrnjonken ek noch wol wat dwaan. Hoe spitich it ek is, it kin net."
Oant de nije maatregels dêr't it kabinet tiisdei mei kaam, hie Smit noch hoop. "We ha altyd kontakt hân mei de gemeente en in protokol makke foar alle fjirtich lokaasjes. We soene ek mear keunst bûten dwaan, sadat we de minsken wat spriede koene. Dan hie it kind. Mar no net mear."

Finansjele klap

It is finansjeel in klap foar it evenemint, dat takom jier de 25e edysje organisearje soe. "We geane tink ik sa'n 30.000 oant 40.000 euro de min yn. It is noch ôfhinklik fan wat de sponsoaren dogge, ûnder oare. As dy allegear it jild werom ha wolle no't der neat organisearre wurdt, dan kin dat noch fierder oprinne." En dat kin gefolgen ha foar de takomst. "Dat slút ik net út. We moatte ynkoarten alles op in rychje sette, as we witte wat wol en wat net betelle wurdt. Dan meitsje we de balâns op."
Pieter Smit fan de keunstmoanne