Liveblog | 15 oktober 2020

Coronanijs fan 15 oktober: 195 nije coronabesmettings fêststeld yn Fryslân

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 16 oktober 2020, 06:13
tongersdei 15 oktober 2020
23:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog oer it coronafirus fan tongersdei 15 oktober 2020. Freedtemoarn binne wy der wer mei in nij liveblog. Elkenien tank foar it folgjen.
22:29

Gjin Sinteklaasyntocht yn Haulerwyk

De bern yn Haulerwyk moatte it dit jier sûnder yntocht fan Sinteklaas dwaan. Fanwege de ferskerpte coronamaatregels fynt de organisaasje it net ferantwurde om it evenemint trochgean te litten. Ek de Volkskerstzang en de lichtjesjûn yn it doarp binne skrast.
21:51

Stertil Survivalrun 2021 giet net troch

De Stertil Survivalrun dy't op 14 maart 2021 yn Koatstertille hâlden wurde soe, giet net troch fanwege corona. Neffens de organisaasje is der te folle ûnwissichheid en ûndúdlikheid oer wat der yn maart mooglik wêze sil en is it dêrom net ferantwurde om mei de tariedingen te begjinnen. Takom jier soe it 20-jierrich jubileum fan de survivalrun wêze.
20:39

Ljouwerter supermerk blokkearret tagong ta alkohoalyske dranken

© Kappers Media
20:05

CBR: Gjin mûlkapke ûnder rydles? Gjin eksamen

It Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen (CBR) stelt mûlkapkes ferplichte ûnder de rydlessen. It CBR nimt gjin eksamens mear ôf as learlingen en oplieders ûnder de rydles gjin mûlkapke op hân ha. De nije regel giet moandei 19 oktober yn.
De fraach oft der by de lessen in mûlkapje droegen is, wurdt opnommen yn de sûnenstsjek dy't elke kandidaat ynfolje moat foardat er eksamen docht. As in kandidaat net oan de regel foldocht, kin it eksamen útsteld wurde. It CBR nimt de maatregels nei eigen sizzen mei "unanieme steun van de rijschool-brancheverenigingen".
18:17

Boargemaster en húsdokters fan Skylge jouwe corona-update yn fideoboadskip