Minderheidstalen op de aginda yn Europa: "Nederlân moat oan de bak"

It hat sa'n fiif jier duorre, mar it Europeeske Parlemint sil no lang om let te set oer it Minority Safepack. Dat boargerinisjatyf moat lytsere talen, lykas it Frysk, op de aginda krije. De Ried fan de Fryske Beweging hat deroan meiwurke. Want ek al binne der no ek wetten en hânfêsten, it kin noch in stik better, fine se.
Minority Safepack © FUEN
"Der moat in soad barre", seit Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging. "Elkenien tinkt dat it wol wat tafalt mei it Frysk, mar dat is dus net sa. Der barre in hiel soad goede dingen - tink oan de Omrop en oan it ûnderwiis - mar it Frysk buorket wol efterút. Der is fersterking nedich, dêr bin ik fan oertsjûge."

Sichtberens moat grutter

It stik fan 74 siden fan de Federal Union of European Nationalities wurdt tongersdei oanbean oan it Europeesk Parlemint. It giet ûnder oare oer lytse talen yn de media, mar ek yn de rjochtbanken en it ûnderwiis. Bergsma: "Der binne lannen dy't der minder foarsteane as Nederlân, mar ek hjir moat noch wol in soad barre. In foarbyld: ast yn it gemeentehûs komst yn Ljouwert, dan sjochst eins gjin Frysk. Ast yn de rjochtbank komst op it Saailân ek hast net. No ja, as je sa'n lytse taal serieus nimme wolle, dan moat de sichtberens folle grutter wurde."
Tongersdei wurdt it dus bepraat, mar dat is net genôch. "Ik hoopje wol dat der wat efterwei komt, fansels. Wat wurde de konkrete stappen dy't de naasjesteaten nimme om der wat oan te dwaan? Nederlân moat oan de bak om ek it Frysk as minderheidstaal te fersterkjen."
We ha sa'n fyftich miljoen minsken dy't in minderheidstaal prate, dat is allinnich mar in fersterking fan de Uny.
Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging
Dat is net allinnich fan belang foar it Frysk en oare lytsere talen, mar ek foar Europa sels, seit Bergsma. "We ha yn Europa in grutte diversiteit, dat is ien fan de sterke punten fan Europa. We ha sa'n fyftich miljoen minsken dy't in minderheidstaal prate, dat is allinnich mar in fersterking fan de Uny. Dêr bin ik fan oertsjûge."
Pier Bergsma