Dochs grien ljocht foar earedifyzje froulju: "Het was een mega-achtbaan"

15 okt 2020 - 07:20

Sa'n fiif oeren nei't de KNVB bekend makke dat de earedifyzje foar froulju de kommende wiken stillizze soe, sei sportminister Van Ark yn de Twadde Keamer dat de kompetysje wol trochgean moat. "Wat voor mannen geldt, geldt ook voor vrouwen." Ta blydskip fan Jessica Roosenburg, foarsitter fan it frouljusteam fan SC Hearrenfean.

It frouljusteam fan SC Hearrenfean - Foto: www.orange-pictures.nl

In grut part fan frouljusfuotbaljend Nederlân wie woansdeitemiddei noch lilk en teloarsteld dat der gjin útsûndering jildt foar de earedifyzje foar froulju, wylst de eare- en earste difyzje foar manlju wol trochgean kin. "Het voelde heel dubbel", seit Roosenburg. "Waarom de mannen wel en de vrouwen niet?" Se is ek realistysk: "De mannen voldoen aan de medische eisen, zij worden regelmatig getest. Wij niet, dat komt onder andere door de kosten."

De meiden geven er alles voor, die willen niets liever dan voetballen.

Jessica Roosenburg, foarsitter frouljusploech SC Hearrenfean

Dêr moat dus noch in oplossing foar komme, mar de earste stap is set. "Ik ben er zeker blij mee. Het was een mega-achtbaan voor iedereen. We gingen van links naar rechts in de emotie. De meiden geven er alles voor, die willen niets liever dan voetballen."

Der moat noch wol it ien en oar útwurke wurde: "Donderdag gaan we met elkaar in gesprek hoe het vrouwenvoetbal ook kan voldoen aan die 'sportieve bubbel'. Het wordt een dag van veel gesprekken. Eerst overleg met de staf, daarna met de mannen, dan met de KNVB." It giet dan ûnder oare oer wa't it yntinsive testbelied betelje moat.

Freed fuotbalje?

Nei dy petearen moat dúdlik wurde oft de útwedstriid tsjin FC Twente freed trochgean kin. "We weten niet of dat haalbaar is. We waren wel volop in voorbereiding op de wedstrijd, maar de vraag is of dat nu realistisch is."

Jessica Roosenburg

(advertinsje)
(advertinsje)