Akteur Fabian Jansen krûpt wer yn de rol fan Els; 5 dagen 24 oeren lang te sjen

15 okt 2020 - 06:47

Ut stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert wei is fiif dagen lang, 24 oeren deis de foarstelling 'Els, de Tweede Golf' te sjen. It personaazje fan akteur Fabian Jansen wie yn april al 168 oeren live online te folgjen. Der wienen doe sa'n 12.000 sjoggers en minsken dy't meidienen oan de chatsessys.

Dit kear is Els net allinnich. Der dogge mear akteurs mei, lykas Tamara Schoppert en John Buijsman. Els giet mei mear personaazjes yn karantêne. It spilet him op ferskillende plakken ôf. Yn De Harmonie wurdt yn in pear sealen filme. Los fan it appartemint fan Els mei sliepkeamer is it begjin en de ein yn de grutte Aegonseal.

Hertferwaarmjend

"Het was hartverwarmend", seit Fabian Jansen oer de reaksjes op de eardere edysje. "Er waren mensen die gedichten en liedjes maakten voor Els die we dan konden gebruiken." Neffens him is it publyk fan Els mear as allinnich de minsken dy't nei teäter gean.

"Els is met kleien, dansen en zingen ook live op Instagram. Echte mensen werden door het live-chatten personages in het stuk. Tijgermeid87 was een kijker en zij was zo actief tijdens de chat bij het kleien met Els, dat mensen ook fan werden van haar en haar begonnen te volgen op Instagram."

Elkenien test

Nei de nijste maatregels koe de iepening woansdeitejûn net foar in publyk spile wurde. Akteurs en crew binne tiisdei test op it coronafirus. "Iedereen is negatief en we zijn vanaf nu hier in een bubbel. We gaan er niet uit en de crew blijft ook hier. Op die manier kunnen we met vier en soms vijf acteurs tegelijk spelen."

Foto: Omrop Fryslân

Fabian Jansen oer de foarstelling

Els, de Tweede Golf is oant en mei snein te sjen ûnder oaren op de site fan De Harmonie, op Fabuch.nl en op YouTube. Ek op Facebook is Els te folgjen.

(advertinsje)
(advertinsje)