Noordelijk Film Festival giet net troch, mar der komme wol films

15 okt 2020 - 06:19

It Noordelijk Film Festival giet dit jier net troch. De organisaasje soe mei in oanpast programma komme, mar nei de nijste coronamaatregels kin it festival net holden wurde. Der komme wol films yn bioskopen. Dêr meie dan tritich minsken nei ta.

Bioskoop - Foto: Shutterstock.com

Gewoanwei is in grut part fan it filmfestival yn skouboarch De Harmonie. Dat soe dit jier al net, want dat fûn de organisaasje net ferantwurde. It plan wie om it filmprogramma te fertoanen op oare plakken yn de provinsje. Dat giet noch troch ûnder de namme Noordelijk Film Programma, mar alle projekten en de hoareka dêromhinne net. Dêrom mei it gjin festival mear neamd wurde. It is neffens de organisaasje ek net mooglik om it filmprogramma 'an sich' as festival of evenemint te belibjen.

Sneu, mar begryplik

Dat betsjut dat der dit jier ûnder oare gjin 48 Hour Film Project is, gjin aktiviteiten foar de filmmakkers en gjin live-optredens binne. "Dat is sneu, mar ek begryplik yn dizze tiid", seit Fredau Buwalda, de artistyk lieder en filmprogrammeur. "We hoopje mei it Noordelijk Film Programma, dat we no oerdrage oan de bioskopen en filmteäters, dochs noch wat moais te bieden yn de tsjustere dagen."

Just yn in lockdown kin in feilige kulturele ûntsnappingsmooglikheid ek fan grut belang wêze.

Fredau Buwalda, artistyk lieder en filmprogrammeur

Sa ha minsken dochs wat om nei út te sjen, is it idee: "Want just yn in lockdown kin in feilige kulturele ûntsnappingsmooglikheid ek fan grut belang wêze. It sil net foar neat wêze dat de oerheid de bioskopen en filmteäters no net slút."

De films dy't selektearre wiene foar it Noorderkroon-programma binne fan moandei 9 oant en mei 12 novimber te sjen yn Slieker Film yn Ljouwert. De wedstriid wurdt wol 'firtueel'. De oare plakken dêr't it filmprogramma fertoand wurdt binne Pathé Cinema yn Ljouwert, De Bios en De Lawei yn Drachten, CineSneek, De Bios op It Hearrenfean en De Koornbeurs yn Frjentsjer.

(advertinsje)
(advertinsje)