Corona-app moat yn it Frysk: "It is de twadde rykstaal"

14 okt 2020 - 21:07

De corona-app moat der ek yn it Frysk komme. Dat seit deputearre Sietske Poepjes. De app is no yn mear as 10 talen te lêzen, mar noch net yn it Frysk en dat wylst it Frysk de twadde rykstaal fan ús lân is.

Foto: ANP

Dat de app der noch net yn it Frysk is, hat in technyske oarsaak, sa seit deputearre Poepjes: "As jo in echt taal brûke wolle yn in app, dan moat it in fêststelde taal wêze yn apps fan Apple en Microsoft bygelyks. It Frysk is dat net."

De app kin dus net yn it Frysk lêzen wurde, en dat moat oars. "Ik fyn it úteinlik gjin goed resultaat. It is moai dat de corona-app der einliks is, mar it heart ek yn ús twadde rykstaal te wêzen", seit Poepjes.

Persoanlik foar minsken

Dat it Frysk de twadde rykstaal is, is net de iennige reden dat de provinsje de app graach yn it Frysk ha wol. "It is ek hiel persoanlik foar minsken. Dit giet oer jo sûnens, oer jo eigen wolwêzen en leefomjouwing. Dan wurket it hiel goed as jo dat yn it Frysk dwaan kinne, dat fielt fertroud", seit Poepjes.

Se tinkt dat in grut tal minsken him der net drok om meitsje sil. "Minsken sille fêst sizze: 'ha jo no neat betters te dwaan.' En fansels moatte earste de coronasifers nei ûnderen en dy app moat goed wurkje. Mar it is wol ús twadde taal en it heart der by."

De ryksoerheid is drok oan de gong om de app wol yn it Frysk te krijen en dêr is Poepjes bliid mei: "It is wol goed om te sjen dat ús ryksoerheid ferskriklik meiwurket hjiryn, dat hat wol ris oars west as it op it Frysk oankomt." Poepjes ferwachtet dan ek dat de app der úteinlik wol yn it Frysk komme sil. "As wy dit mei syn allen oppakke, dan komme wy der absolút."

Deputearre Sietske Poepjes oer de corona-app

(Advertinsje)
(Advertinsje)