Thialf hâldt op mei rekreatyf riden fanwegen oanskerpe coronamaatregels

14 okt 2020 - 20:32

Rekreatyf ride kin net mear yn Thialf. De direksje fan de iishal op It Hearrenfean hat besletten dat riders fan tongersdei 15 oktober ôf net mear op de baan kinne. Reden foar dit beslút is dat de coronamaatregels oanskerpe binne.

Foto: Martin de Jong Fotografie

"Ter voorkoming van het virus is het overheidsbeleid erop gericht om zo min mogelijk bewegingen te creëren en sociale mobiliteit zoveel mogelijk te beperken. Met die achtergrond is het niet uit te leggen om recreatief te blijven schaatsen, hoe enorm spijtig wij dat ook vinden", seit direkteur Marc Winters.

Ek wol Thialf de risiko's foar it eigen personiel beheine omdat der fjouwer topsporttoernoaien pland stean. Al earder kochte tickets bliuwe it hiele seizoen jildich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)