Sportskoallen wiis dat se iepenbliuwe meie; drokte by groepslessen

14 okt 2020 - 19:05

It kabinet leit alle amateursporten yn teamferbân stil, by de sportskoallen ferwachtsje se ek ekstra drokte. Dy meie gewoan wol bliuwe en sels groepslessen organisearje. By Bewegingscentrum Leeuwarden binne se bliid dat se iepenbliuwe meie, yn tsjinstelling ta de earste coronaweach. "Doe mochten we pas as lêste iepen", seit Feiko Broersma fan de sportskoalle.

Foto: Omrop Fryslân

"It is yn de sportseal wol rêstich, in soad minsken doare net, mar we organisearje it op ferantwurde wize en it is feilich. In klant sei fan de wike dat er him hjir feiliger fielde as yn supermerk."

By de groepslessen fernimme se wol dat it drokker is. "Minsken fine it fijn om inoar te moetsjen, wol op ôfstân fansels. Se binne der efkes út, want in soad wurkje thús. De groepslessen rinne dus goed, der is sels in wachtlist foar de spinningles. Der binne no minder plakken mei de oardelmeter dertusken. Dat mei wol mei in groep om't dat sjoen wurdt as in groep fan yndividuele sporters en dus net as team."

Feiko Broersma

(Advertinsje)
(Advertinsje)