Iepening hoarekasaak De Friezinn op De Westhoek moat útsteld wurde

14 okt 2020 - 18:48

In hoarekasaak runne yn dizze tiid is dreech, mar in saak begjinne is hielendal in aventoer. Dochs sette Douwe Gerlof Heeringa dizze simmer syn hanteken ûnder it keapkontrakt fan in restaurant op De Westhoek. Midden yn coronatiid. De saak soe oer twa wike feestlik iepene wurde mei kommissaris fan de Kening Arno Brok. Mar dêr is no in streek troch.

In teloarstelling foar de begjinnende hoareka-ûndernimmer mar hielendal ûnferwachts kaam it net. Dat de saak no op syn betiidst pas oer fjouwer wike iepenje kin, is fansels wol in tebeksetter. Neffens Heeringa rêdt hy it earst wol mar folle langer as dy 4 wike moat it eins net duorje.

Der wurdt noch drok ferboud, der is in soad ynvestearre dus sil der dochs wol gau ek ynkomsten komme moatte. It ferfelende fynt hy benammen dat it perspektyf net dúdlik is. Hy hopet dat yn alle gefallen der mei de krystdagen wol folop draaid wurde kin. "De moanne desimber is in hiel wichtige moanne foar de hoareka" seit hy.

Foto: Simone Scheffer

'Elk nadeel heeft zijn voordeel'

De herberch wurdt folslein fernijboud. Yn it nije ynterieur binne sels al coronaproof eleminten tapast. Mei mear romte en ôfstân mar ek in keuken dêr't iten op ôfstân ôfjûn wurde kin.

Op de fraach wêrom't er yn dizze coronatiid it risiko fan ûndernimmen oangien is, seit Heeringa dat hy leaut dat as je troch dizze tiid komme, je bewize dat je saak wis en seker in goeie takomst krijt. Doe't yn augustus de keap definityf wie, wie der noch gjin sprake fan in twadde weach. Dat dy der komme soe dat wist ek hy eins wol mar dat risiko naam hy op de keap ta.

"Elk nadeel heeft z'n voordeel" sei Johan Cruiff ea. Dat jildt foar de eigener fan de nije herberch yn dizze wol in bytsje. De stress om it oer twa wike tiptop foarmekoar te hawwen is der efkes ôf.

Foto: Simone Scheffer

Douwe Gerlof Heeringa

Noch gjin personiel oannimme

De earste gefolgen binne der wol al. Ferline wike wie der in 'speeddate' mei it potinsjele nije personiel. Mar nei de parsekonferinsje fan tiisdeitejûn is dúdlik dat dy noch net oannaam wurde kin. Douwe Gerlof fynt dat tige spitich. Sa maklik is it net om goed hoarekapersoniel te finen seit hy en dizze ploech wie fol enerzjy. It is foar him en dy minsken in útdaging om dy enerzjy wol te hâlden oant de saak wol iepen kin.

Hy hopet, no't bliken docht dat it OMT it regear advisearre hie om restaurants wol ûnder betingsten iepen te litten, dat der dochs in mooglikheid is om oer in pear wike de doarren te iepenjen.

(advertinsje)
(advertinsje)