Supermerken fan Poiesz tenei 20.00 oere ticht; kar foar feilichheid meiwurkers

14 okt 2020 - 18:32

Alle Poiesz-winkels yn Nederlân slute fan tongersdei ôf om 20.00 oere de doarren. Op dizze woansdei besleaten de Rânestêd-keten DEEN en Jumbo Kooistra al dat har fêstigingen om 20.00 oere de doarren slute. No folgje dus ek de Poiesz-supermerken. Nei dy tiid meie de winkels gjin alkohol mear ferkeapje.

In flagge fan Poiesz Supermarkten - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"We ha keazen foar de feilichheid fan ús meiwurkers", seit Jan Hoitema fan de Poiesz. "We wolle net dat se yn diskusje moatte mei klanten dy't it net mei iens binne mei de nije regels. We sjogge ús minsken as gasthearen en gastfroulju en we wolle se net yn de sitewaasje bringe dat se hanthavenje moatte."

Hy is bliid mei de dúdlikheid dy't der is oer it dragen fan mûlkapkes. "We folgje de rjochtlinen fan de ryksoerheid, dus doe't dat in advys wie ha we dat oernommen en no't it in plicht wurdt, nimme we dat oer. Us meiwurkers drage se allegear en in grut part fan de klanten nimt ek de ferantwurdlikheid foar himsels en de meiwurkers."

De winkelkarren wurde ek noch altyd skjinmakke by de Poieszwinkels. "Dat dogge we noch hieltyd, al fan it begjin ôf oan yn maart en we, binne der net mei ophâlden."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Jan Hoitema

(Advertinsje)
(Advertinsje)