Cambuurtrainer Henk ​​​​​​​de Jong begrypt ferskowen wedstriid: "It kin ús ek gebeure"

14 okt 2020 - 17:49

De topper yn de earste difyzje tusken NAC Breda en Sportklup Cambuur giet freed net troch. By de Brabanners binne in soad coronabesmettings. Dêrom kamen se ôfrûne wykein al net yn aksje tsjin De Graafschap en no wurdt dus ek de wedstriid tsjin Cambuur ferskood. Trainer Henk de Jong hat alle begryp foar dit beslút.

Foto: www.orange-pictures.nl

"Ik ha belle mei trainer Maurice Steijn en it giet echt net goed dêr. Der binne alve spilers siik en ek yn syn gesin binne se siik, mei behoarlike klachten. Dus se kinne net spylje, dat is dúdlik. Se ha ek al acht dagen net traine kinnen", seit Henk de Jong.

Hy is realistysk dat it by Cambuur ek gebeure kin. "Dat is wol in angstbyld. We ha ek in pear gefallen hân. Moatst wol alve spilers ha en ek wikselje kinne. Mar it belofteteam mei ek net spylje en traine. Dus we moatte net moeilik dwaan, it kin ús ek gebeure."

De wedstriid wurdt no tiisdeitejûn spile. "Dat moast om 21.00 oere foar FOX, mar ik sei dat it earder moast want oars komme we midden yn de nacht thús."

Hy hâldt der rekken mei dat ek it betelle fuotbal nochris stillein wurdt. "Dy kâns is der. We wurde ien, twa kear yn de wike test. We binne wol reedlik feilich dwaande, mar as it slimmer wurdt, dan moatte we net seure."

Henk de Jong

(advertinsje)
(advertinsje)