Sinteklaasyntocht yn Ljouwert krijt Grize Pyt

By de Sinteklaasyntocht yn 2021 sille yn Ljouwert allinne noch mar Grize Piten te sjen wêze. In tal yntochtkomitees, werûnder dy fan Ljouwert, komme mei de nije Pyt.
© Omrop Fryslân
Der is keazen foar in Grize Pyt, om't dizze neffens de komitees in neutrale kleur hat en it imago is net negatyf. Wichtich is dat de kleur fan de Pyt net mei in hûdskleur ferlike wurde kin. De komitees wolle de oanpassingen uterlik by de yntocht fan 2021 trochfierd ha.
"Grijs is niet een kleur van een tint van een mens, grijze mensen bestaan niet, ja we hebben grijs haar", seit Cees Anceaux, foarsitter fan it Sinteklaaskomitee yn Ljouwert. "Maar we kijken verder, ook naar de kostuums en de haardracht."
It wie in lestige diskusje. "Je doet het nooit goed, de ene helft van de mensen wil Zwarte Piet houden en de andere helft niet. Maar we willen een stap maken en laten zien dat we bereid zijn te luisteren naar zaken die er spelen. We denken dat dit een goed alternatief is."
By de frijwilligers wienen de reaksjes posityf. "We hopen dat dit een hoop bijval krijgt. Ik denk wel dat dit goed gaat vallen in Friesland."
De yntocht giet dit jier fanwegen corona net op tradisjonele wize troch. It spilet dus takom jier om't it dit jier te dreech is om in yntocht te organisearjen. "We hebben een alternatief bedacht, maar of dat nog kan met de nieuwe maatregelen. Het is een moeilijke tijd, daar moeten we mee dealen."
Cees Anceaux
It kompromis is mei oare stêden nommen: Stichting Sinterklaas intocht Dordrecht, Sinterklaas Comité Breda, Stichting Sinterklaas intocht Leeuwarden, Stichting Kinderfeesten Venlo, Sint Nicolaas Genootschap Den Helder, Sint Nicolaas comité Prinsenbeek, Sinterklaas vereniging Tuinzigt, Westerpark en Haagpoort, Sinterklaas comité Ulvenhout, Sinterklaas comité Heuvel en Sinterklaas Intocht Schoonhoven.