Sette de sealkompetysjes dit jier noch útein? Kuorballers Flamingo's ha der noed oer

Foar de kuorballers fan de Flamingo's út Bûtenpost sit de earste helte fan de fjildkompetysje der hast op. Gewoanwei set ein oktober de sealkompetysje útein. Mar troch de nijste coronamaatregels is it noch folslein ûndúdlik oft der in sealkompetysje komt, en wannear't dy kompetysje dan úteinsette kin. Foarsitter Ette-Frits Veenstra makket him soargen. Alle amateursport-kompetysjes binne op syn minst fjouwer wiken stillein.
Sealkompetysjes fraachteken
De kompetysjes lizze foarearst stil. Teamsport foar sporters boppe de 18 jier is op it stuit net tastien. De jongerein oant 18 jier mei noch wol traine. Oer fjouwer wiken moat dúdlik wurde oft der wer romte komt om (seal)sporten yn kompetysjeferbân op te starten.