Sluting hoareka is ek klap foar winkels yn Ljouwert: "De siel is der wat út"

14 okt 2020 - 14:09

No't kroegen en restaurants ticht moatte, ferwachtsje ek winkels omsetferlies. Dat seit Hayo Galema, binnenstêdsmanager fan Ljouwert. It libben is neffens him út de stêd om't minsken net allinnich nei Ljouwert ta komme om te winkeljen, mar ek om efkes wat te drinken of te iten. "It is dochs wat stiller yn de stêd."

"Der binne ferskate partijen yn in binnenstêd dy't elkoar fersterkje: detailhannel, hoareka, kultuer en eveneminten. Trije fan de fjouwer binne aanst ticht of wurkje op hiel beheinde kapasiteit", seit Galema. De siel is der neffens him wat út.

Ut ûndersyk die al bliken dat der al minder minsken komme yn de winkels yn Ljouwert. Dat soe no allinnich noch mar minder wurde. "It kin wêze dat dat tafalt, as nei de winkels gean ien fan de wenige dingen is dy'tst yn de omjouwing noch dwaan kinst", seit Galema. "It winkeljen foar je wille stiet no wol op in leger peil de kommende moanne."

Dúdlikheid oer mûlkapke

Winkellju yn de binnenstêd fan Ljouwert binne bliid dat der dúdlikheid komt oer it dragen fan in mûlkapke. It moat juridysk noch regele wurde mar it kabinet ferwachtet dat oer in pear wiken it mûlkapke wetlik ferplicht wurdt yn publike binnenromtes.

En dat is de dúdlikheid dêr't winkeliers op wachtsje, sa seit Galema: "It foarkomt diskusjes. Dan binne je fan it gesoademiter ôf. As we no allegear meiwurkje, kinne we aanst wer fierder."

Foto: Omrop, Auke Zeldenrust

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust en Hayo Galema

(Advertinsje)
(Advertinsje)