Frijwilligers sportferienings yn 'e knipe: "Se stean foar problemen dêr't se net op taret binne"

14 okt 2020 - 13:05

It ferbod op wedstriden en trainingen by it amateurfuotbal moat net folle langer duorje as fjouwer wiken, oars ûntstiet der echt in probleem. Dan komme saken as de distriktsbeker slim yn de knipe en soe it wolris sa wêze kinne dat de kompetysje yn jannewaris hielendal opnij opstart wurde moat. Dat seit Jan Dirk van der Zee fan De Gordyk, direkteur amateurfuotbal fan de KNVB.

Foto: Omrop Fryslân

"It moat net folle langer duorje. Dan is der in folle grutter probleem", seit Van der Zee. De senario's dêrfoar lizze al klear, neffens him. "Dan kinst tinke oan bygelyks gjin distriktsbeker yn it amateurfuotbal of gjin neikompetysjes mear." As it langer duorret as fjouwer wiken, wurdt nei alle gedachten de kompetysje yn jannewaris opnij opstart.

Jan Dirk van der Zee

De KNVB hat begryp foar de coronamaatregels fan it kabinet, mar makket him wol grutte soargen oer wat der oerbliuwt foar de tûzenen leden en frijwilligers fan de amateurklups. "As it noch langer duorje sil, spilest de earste helte fan dit seizoen hast gjin kompetysjewedstriden en dan komt dochs de wille fan jongerein mar ek senioaren om te spyljen yn 'e knipe", seit Van der Zee. "En dêrmei fansels ek de kontribúsje en de lidmaatskippen by de feriening."

'Konsekwinsjes binne grut'

Neffens direkteur Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân krijt it ferieningslibben in flinke tebekset: "Net alhiel ûnferwachte, mar de konsekwinsjes binne grut. Der leit op dit stuit in grutte druk by minsken dy't as frijwilliger belutsen binne by ferienings en dêr de boel yn 'e stokken hâlde mei elkoar."

Anne Jochum de Vries

Finansjeel sjoen is oan de measte problemen wol in mouwe te passen, tinkt De Vries. Euvel is dat de bining dy't minsken hawwe mei harren feriening no fuortfalt. "Minsken binne frijwilliger omdat se it sa moai fine om bygelyks in training te fersoargjen of as team hieltyd better te wurden." Neffens De Vries komme de frijwilligers no foar hiele oare kwestjes te stean: "Wy pleatse harren no foar problemen dêr't se net op taret binne."

Trou oan de feriening

Neffens De Vries falt it ôfnimmende ledetal by sportferienings yn Fryslân noch ta. "Wy binne yn Fryslân trou oan ús ferieningslibben. Dat is ek it begjin fan de oplossing. It sil de kommende moannen noch yngewikkeld bliuwe, mar we sille trou oan elkoar en de feriening wêze moatte om de feriening oerein te hâlden."

(advertinsje)
(advertinsje)