FNP Ljouwert wol dat fruit fan hôf by Uniastate Bears nei Voedselbank giet

De FNP-fraksje yn de gemeente Ljouwert makket him soargen oer it fruitbeammehôf achter Uniastate yn Bears. Uniastate is sûnt 1 oktober ticht foar publyk. It fruit dat fan de beammen komt, wurdt no net sammele en bliuwt lizzen. De fraksje hat it kolleezje skriftlike fragen steld en hopet dat de appels en parren nei de Voedselbank gean.
Uniastate yn Bears © Wikimedia Commons
Yn de eardere gemeente Littenseradiel krige de stichting efter Uniastate in jildbedrach fan likernôch 5.000 euro om it appelhôf te ûnderhâlden. De gemeente Ljouwert naam it ûnderhâld yn 2018 oer, doe't Bears ûnderdiel waard fan de gemeente.
De FNP-fraksje wol fan it kolleezje witte oft dat derfan op 'e hichte is dat it fruit no lizzen bliuwt en driget te fergean. De fraksje draacht as oplossing oan dat de appels en parren nei de Voedselbank brocht wurde, sadat minsken mei minder jild derfan profitearje kinne.

Alde gemeentenammen

De fraksje wiist dêrneist ek op it feit dat der noch hieltyd in ferâldere meidielingsboerd by de Mariatsjerke yn Bears stiet. Dêrop falt te lêzen: "Uniastate én de kerk zijn trouwlocaties van de gemeente Littenseradiel".
It falt de FNP-fraksje op dat yn de eardere gemeenten Littenseradiel, Ljouwerteradiel en Boarnsterhim faker de âlde gemeentenammen foarkomme. Dat soe betiizjend wêze. De fraksje freget him ôf oft it kolleezje fan doel is dat te feroarjen.