Dr. Obe Postmapriis 2020 foar Jan Popkema: "Sa soan, sa heit"

15 okt 2020 - 06:05

De dr. Obe Postmapriis 2020 is takend oan Jan Popkema foar syn Frysktalige oersetting fan Das Parfum fan de Dútske auteur Patrick Süskind. De priis wurdt op 19 novimber - coronaproof - útrikt yn gearwurking mei it festival Explore the North.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Jan Popkema (1942) is frisist en nearlandikus. Hy wurke ûnder oare by de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk yn Ljouwert en wie leksikograaf by de Fryske Akademy. Dêrneist hat er literêr wurk fan bygelyks Gysbert Japicx oerset en Fryske learmiddels skreaun. De Fryske oersetting fan Das Parfum ferskynde yn 2018 by útjouwer Regaad.

Foto: Tresoar

"De útdaging by it oersettten fan dit boek is datst it Dútske orizjineel goed benei komst en dat it ek goed Frysk is. Ien fan de skaaimerken fan it Dútsk is dat it lange sinnen hat en dy ha ik wolris opknippe moatten. In oersetter moat rjocht dwaan oan de taal fan oarsprong en de ûntfangende taal", seit Jan Popkema.

Hy krige it idee om dizze klasssiker oer te setten fan syn soan Anne-Tjerk. "Hy hat it my oandroegen as mooglikheid, en dêr woe ik wol myn tosken yn sette." Syn soan krige yn 2012 de priis foar de fertaling fan De Hobbit. "It earste wat ik tocht doe't ik dit hearde; sa soan sa heit." Popkema is de priis in foarm fan taalbefoardering.

Jan Popkema

De advyskommisje fan de dr. Obe Postmapriis bestie út Cees van Mourik (foarsitter), Cilla Geurtsen en Rein Smilde. De kommisje skriuwt oer It parfum: "Men fielt de emoasje, rûkt de stank, mar ek it ferskaat oan roken en men sit yn 'e holle fan de moardner fan Marianne. In hiel rike oersetting en in prachtige prestaasje!"

Utrikking

De priis wurdt troch deputearre Sietske Poepjes útrikt op 19 novimber yn gearwurking mei festival Explore the North. De priis bestiet út in bedrach fan 2.000 euro en in oarkonde. Yn ferbân mei de coronamaatregels kin der mar in beheind tal minsken by de útrikking oanwêzich wêze. Der sil dêrom in livestream wêze.

De dr. Obe Postmapriis 2020 is ornearre foar oersettingen fan en nei it Frysk út it tiidrek 2016 - 2019. De provinsjale literêre priis wurdt útrikt út namme fan de provinsje Fryslân en de organisaasje fan de priis is yn hannen fan Tresoar. De priis is neamd nei dichter Obe Postma (1868-1963), dy't sels Fryske oersettingen makke hat út ûnder oare it Dútsk en Amerikaansk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)