Kollumer bedriuw giet de striid oan mei de reuzereadskonk

De reuzereadskonk (Japanse duizendknoop) is in grut probleem yn Nederlân. De eksoatyske plant woekeret sa sterk, dat der skea ûntstiet oan gebouwen, diken en wetterkearingen. De woartels fan de plant kinne wol sân meter lang wurde. It Kollumer bedriuw Weed Free Service hat dêr no wat op fûn. Sy sette yn opdracht fan de provinsje harren nije masine by de Lytse Wielen yn om de reuzereadskonk oan te pakken.
© Wikimedia Commons
De masine is ûntwikkele mei behelp fan de ûnderfining fan Weed Free Service yn de bestriding fan de plant. It giet om in seefmasine, wêrmei't de reuzereadskonk en oare eksoaten út de grûn sille wurde kinne. "Alle woartelfragminten helje wer derút", seit Harry Kloosterman, direkteur fan it bedriuw.
De woartels fan woekerplanten wurde trochgeans fuorthelle mei hjit wetter en stroom. Dêrmei komme se wol wer werom, mar wurde se elts jier wat minder. "Dan hast wol trije of fjouwer jier nedich om de plant folslein út te putten. Dêr giet in hiel soad tiid oerhinne", seit Kloosterman.

Skea

Mar no moatte de woartels fan de reuzereadskonk der echt út om't se skea feroarsaakje. "Dus dan smite we de grûn op de kop", fertelt Kloosterman. "De grûn wurdt twa kear troch de masine smiten. Dêrûnder hawwe we in spesjaal dek meitsje litten, wêtroch't we noch mear alle woartels derút helje kinne."
Der giet dus flink wat wurk sitten yn it útroeien fan de reuzereadskonk. "De grûn wurdt dêrnei werom lein op itselde plak en is dan sa goed as frij fan de reuzereadskonk. De grûn wurdt dêrnei wer ynsiedde."
It wurk lâns de N355, by de Lytse Wielen yn Ljouwert, set woansdeitemoarn útein en moat tongersdei klear wêze.
Harry Kloosterman fan Weed Free Service