Plysje siket tsjûgen fan wapene oerfal yn Ljouwert

14 okt 2020 - 11:06

De plysje siket tsjûgen fan in wapene oerfal tiisdeitenacht oan de Vestaweg yn Ljouwert. By de oerfal rekke ien persoan ferwûne en waard jild meinaam.

De plysje krige om 2.00 oere hinne in melding fan in oerfal by in bedriuw op bedriuweterrein De Hemrik dat gniisgas ferkeapet. De melder waard bûten, nei't er it gebou ôfsletten hie, troch twa persoanen bedrige en mishannele. Under bedriging fan in fjoerwapen joech it slachtoffer yn it pân in lyts jildbedrach ôf. De dieders pykten dêrnei út.

De man is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert, wêrnei't de plysje ûndersyk die. De plysje freget minsken dy't mear witte of dy't tiisdeitenacht tusken 1.00 en 2.00 oere wat sjoen hawwe, telefoanysk kontakt op te nimmen fia 0900 8844 of anonym fia 0800 7000.

Foto: De Vries Media
(advertinsje)
(advertinsje)