Kollum: "Polderlân"

14 okt 2020 - 08:53

"Wetterlân, lân fan de takomst. Eddy Wymenga hat it boekje skreaun yn haadstikjes fan sa'n fyftich wurden. Ysbrand Galama hat by elk haadstikje in tekeninkje makke. Mei ljippen, kij en boeren dy't ferheard om har hinne sjogge. Want dat is de ynhâld: hoe ha we it yn fredesnamme yn de histoarje fan Fryslân foar elkoar krigen dat we op it heden de saken mei grûn en wetter sa yn 'e hobbel ha.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Op in hearlik te lêzen ienfâldige wize fertelle se ús it ferhaal fan de tige fruchtbere sompe Fryslân, dat in biljertlekken sûnder blommen, kij en fûgels waard, dêr't we op sokken oer rinne kinne.

Wat lekker dat in wittenskipper as Wymenga, want dat is hy, sa byldzjend skriuwt. Hy brûkt gjin swiere wurden of net te begripen ôfkoartings. Dêrmei slaan de boerelieders en natuerminsken ús hieltyd om de earen. Nynke Koopmans, troch de Ljouwerter sneon yn de krante set as it moaiste frommes fan de boerinnekalinder mei har kont op it mânske trekkertsjil, hie it yn har ferhaal oer 'extern salderen'. By Wymenga soe dat gewoan 'strontlucht ferkeapjen' wêze, mar hy neamt soksoarte lapmiddels net iens.

Wymenga wiist ek nimmen as skuldige oan. Dat binne we mei ús allen. Sûnder erch. We woenen gewoan alles hieltyd better dwaan, en dat wie justjes tefolle. We moatte it no ek mei ús allen mar gau wer besykje goed te meitsjen, want Wymenga is realist en dus tige somber.

Hy wol graach bygelyks de fersakke drûge feangreide ûnder reinwetter sette en dêr ek dat wetter bewarje foar de drûge riten. Nij wetterbelied. En nij agrarysk belied. En wer rûge dong. Werom nei eartiids. Wymenga jout derfan hiel wat gefolgen oan. Dy binne sa talleas dat se net te befetsjen binne. Dat giet fan dat wý de tegels út de tún helje moatte oant dat we miskien net mear it molkfabryk fan de hiele wrâld binne.

Dat kin seit Wymenga. Hy einiget mei in takomstbyld. "De ljippen gean oer de wjuk. It folk út de stêd makket bûtendoar de holle leech en de boer buorket mei perspektyf. It wetterlân fan doedestiids is no wer ús greidelân fan de takomst". It is dochs thúsbliuwe op it heden, dus it wetterskipsbestjoer hat it oan tiid om it boekje te lêzen. En dan moat se eins net eigenwiis wêze en sizze dat it oars is, nee daliks oan de slach.

Minister fan lânbou Carola Schouten hat it boekje fan Wymenga ek net lêzen. Dat hie wol kinnen, want it is ek yn it Nederlânsk ferskynd. Schouten mocht ferline wike de Rede fan Fryslân hâlde. Se wie it wol mei Wymenga iens dat der wat feroarje moat yn ús tinken, mar kaam net fierder as in komplimintsje foar Skiermûntseach en Holwert oan see. Fierder gjin iepeningen. Want we witte echt al lang dat der ek in soad boeren binne dy't wol stapkes fersette wolle.

Schouten hie it ferkiezingsprogramma fan de FNP wol lêzen. No stiet dêryn 'we kinne alles sels wol', en sy fûn it al moai dat yn de hiele stikstofoarloch de regio's harren eigen ynfolling bepale kinne. Yndachtich dat in jier lyn de aksjeboeren hjir net in slach foar de harses krigen, mar kofje, doe't se it provinsjehûs ynnamen. Machtige skets trouwens sneon yn de Ljouwerter oer hoe't dy demonstraasje fan minút ta minút ferrûn.

Soks, it praten fan aksjeboeren en politisy hjit polderje. Schouten is dêr foar, ek al sjocht se dat it polderjen oer de corona inkeld mar betsjut dat mear mûlkapkes soargje foar mear pasjinten. Polderje, mar dan letterlik is ek de oplossing fan Eddy Wymenga. Polders moatte yn de feangreide soargje foar eigen wetterbelied. Oare polders moat goede lanbougrûn beheare, mar dan mei blommen. Fryslân krijt dan folle mear polderdykjes yn it lân. In soarte langtrieddige terpkes. Dat is wer in lêbige opmerking. Ophâlde dêrmei, we moatte mei ús allen lyk tinke.

Bliuwt noch ien ding oer. Schouten moat it boekje fan Wymenga lêze. Dan moat se tsjin Eddy sizze: 'asto no soargest dat dit boadskip yn boeren, boargers en wetterskipsbestjoerders fan Fryslân delkomt, dan sil ik mei Klaas Fokkinga sjen hoe't we dat betelje kinne'. Want we kinne it wol wolle en tinke dat it sa moat, mar it is wol trije kear sa djoer as in Lelyline."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)