Liveblog | 14 oktober 2020

Coronanijs fan 14 oktober: 124 nije coronabesmettings

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 15 oktober 2020, 06:27
22:38

Minister Van Ark seit ta: earedifyzefroulju falle ûnder selde beslút as manlju

Minister Tamara van Ark (Sport) wol dat ek it earedifyzjefuotbal foar froulju trochgean kin. "Wat voor mannen geldt, geldt ook voor vrouwen", sei se yn it coronadebat yn de Twadde Keamer.
De KNVB makke earder bekend dat de earedifyzje foar froulju net ûnder de útsûndering falle soe dy't it kabinet makket foar profsporters op de coronamaatregels. Dy ferbiede 4 wiken it sporten yn teamferbân. De minister wol earst mei de KNVB beprate hoe't de maatregels dy't jilde foar manljusteams, lykas de 'sportive bubbel' ek foar froulju jilde sille.
21:56

It lêste rûntsje...

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
21:07

Corona-app moat yn it Frysk: "It is de twadde rykstaal"

De corona-app moat der ek yn it Frysk komme. Dat seit deputearre Sietske Poepjes. De app is no yn mear as 10 talen te lêzen, mar noch net yn it Frysk en dat wylst it Frysk de twadde rykstaal fan ús lân is. De provinsje wol de app graach yn it Frysk. "It is ek hiel persoanlik foar minsken. Dit giet oer jo sûnens, oer jo eigen wolwêzen en leefomjouwing. Dan wurket it hiel goed as jo dat yn it Frysk dwaan kinne, dat fielt fertroud", seit Poepjes.
20:59

Kabinet sjocht oft ekstra stipe foar bedriuwen nedich is

It kabinet wol de gefolgen yn kaart bringe fan de flink oanskerpe coronamaatregels foar bedriuwen. Premier Mark Rutte seit dat de besteande stipepakketten al berekkene binne op it hjoeddeiske senario. Mar hy slút net út "dat er meer moet gebeuren".
20:51

SEH yn gefaar

It tal oprinnende sikehûsopnamen fanwegen it coronafirus bringt ek de spoedeisende help (SEH) fan sikehuzen yn gefaar. Neffens de Nederlandse Vereniging van Spoedeisende Help Artsen (NVSHA) komt it no alle dagen foar dat pasjinten by in slim ûngelok of hertfalen net mear nei it sikehûs yn de buert kinne. Dat komt om't der gjin trochstream fan pasjinten yn sikehuzen is en ic's en ferpleechôfdielingen fol reitsje.
20:46

Albert Heijn en Jumbo slute winkels net earder

Supermerkketens Albert Heijn en Jumbo binne noch net fan doel om de winkels earder te sluten fanwegen it ferbod op de ferkeap fan alkohol nei 20.00 oere. Oare saken lykas Poiesz dogge dat wol.
Jumbo meldt nei 20.00 oere de skappen mei alkohol ôf te sluten. Sliters yn winkels geane dan ek ticht. Albert Heijn wol de klant goed ynformearje mei û.o. posters yn de winkels.