Nije maatregels dreech foar studinten: "Op een gegeven moment ben je je studentenkamer zat"

14 okt 2020 - 08:13

De nije maatregels binne in grutte klap foar alle minsken, ek foar de studinten. No't de hoareka wer ticht giet en de studinten net mear yn grutte groepen by elkoar komme meie, wurdt it studintelibben der net better op. "Het was redelijk te verwachten, maar het is super jammer dat we als studentenvereniging niks meer fysiek mogen organiseren", seit foarsitter Iris van der Schoot fan studinteferiening Osiris yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

Alle aktiviteiten dy't de studinteferiening pland stean hie, besykje se no in online ferzje fan te meitsjen. "Zodat onze leden wel contact met elkaar kunnen houden." Van der Schoot tinkt dat de leden dêr bot behoefte oan hawwe.

Dat murk se ek yn de yntelliginte lockdown yn maart. "Mensen zijn gewoon heel erg klaar met thuiszitten. Op een gegeven moment ben je je studentenkamer best wel zat en heb je behoefte om met anderen dan je huisgenoten te praten."

Klap lytser

De klap is dit kear neffens Van der Schoot lykwols lytser as by de foarige lockdown, om't dy doe hiel ûnferwachte kaam: "Het is nu ook een soort nieuw normaal geworden dat je je steeds moet aanpassen aan nieuwe regels. Mensen vinden het niet leuk, maar ze begrijpen het beter."

It is lykwols in drege tiid foar studinteferienings. Van der Schoot: "Uiteindelijk draait een studentenvereniging om de gezelligheid met elkaar en van elkaar kunnen leren. Dat wordt op deze manier wel moeilijk gemaakt. Maar op dit moment gaat de gezondheid boven gezelligheid. Ik denk dat elke student dat ook kan begrijpen."

Finansjeel sjoen hâldt Osiris it neffens Van der Schoot noch wol efkes fol. "We hebben wel redelijk wat reserves, waardoor we het tot nu toe nog goed doen. We zorgen nu gewoon dat we geen onnodige investeringen doen en een spaarpotje houden."

Iris van der Schoot fan studinteferiening Osiris

(Advertinsje)
(Advertinsje)