Soad deade beammen yn súdeast-Fryslân troch de 'lettersetter'

Ynwenners fan súdeast-Fryslân moatte net frjemd opsjen as der de kommende moannen en jierren op behoarlik grutte skaal kapt wurdt yn de bosken. Neidat earder de elzetûkesykte ta grutskalige kap late, bart no itselde mei trije soarten spjirren troch de saneamde 'lettersetter', in lyts mar ferwoastend keverke. Der is 250 bunder oan spjirrebosk yn de regio.
Soad deade beammen troch keverke yn Súdeast Fryslân
De lettersetter is in lyts keverke dat yn beammen sitten giet dy't al swak binne troch bygelyks drûchte. En dêrfan binne der genôch nei trije drûge simmers achter elkoar. De beammen gean dan dea en kinne omfalle.
Omdat it om relatyf lytsere boskperselen giet mei in soad paden, hûzen en oare gebouwen, kin dat foar ûnfeilige situaasjes soargje. Behearder Steatsboskbehear moat dêrom wol yngripe.

"Dit overkomt je"

Dizze keverpleach hat him rapper útwreide as de boskwachters oankommen seagen. "Dit overkomt je. Opeens is het ook in zuidoost-Fryslân", seit Yntze de Vries. Hy is de 'beammeman' fan Steatsboskbehear yn it gebiet.
Hy hat trije moannen lyn op de Meenthe by Noardwâlde beammen markearre dy't kapt wurde moatte, mar sûnt dy tiid binne der al wer hiel wat beammen by kaam dy't ek tsjin 'e flakte moatte. Sa rap giet it.
De lettersetter hat spoaren neilitten op dizze deade beam © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It wurk set útein yn de omjouwing fan Noardwâlde, De Hoeve, Nijeholtpea en Sânhuzen. Mar der binne folle mear bosken oantaast. Lykas dy by Donkerbroek en Oranjewâld. Yn de rest fan Fryslân liket it noch ta te fallen. Der kinne trije dingen barre: der wurde inkele beammen kapt, in kluster of in hiel boskperseel.
Al mei al sil minsken der absolút wat fan fernimme. Mar ek no al binne op guon plakken al in soad beammen spontaan omwaaid. It oantaaste hout dat aanst út de bosk komt, hat eins gjin wearde mear. It kostet benammen jild.

Mear soarten beammen

It is net sa dat der nei it kappen keale plakken oerbliuwe. As it giet om in beheind oantal beammen kin Steatsboskbehear derfoar kieze om te wachtsjen op jonge beammen dy't op in natuerlike wize opkomme, mar der sil ek grif nije oanplant nedich wêze.
Dat sil dan wol in bosk mei mear soarten beammen troch elkoar wêze, sadat it net sa gau mear troch ien sykte troffen wurde kin. Ien en oar kin wol eefkes duorje, want der is no in soad ferlet fan nije beammen.
Beammen dy't omseage wurde moatte, binne al markearre op de Meenthe by Noardwâlde © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn de spjirrebosken fan súdeast-Fryslân binne trije beamsoarten werom te finen. "De fijnspar, de omorika spar en de sitkaspar. En we zien dat vooral de fijnsparren eronder te lijden hebben. We hebben ongeveer 150 hectare aan fijnsparren", seit boskwachter publyk Manon van Wesel fan Steatsboskbehear.
"Bij de andere twee soorten zien we ook wel aantasting, maar wel in mindere mate. We zien overal al wel een begin van de letterzetter in elk vakje. Dat zou op de lange duur betekenen dat zo'n bosvak in zijn geheel zal verdwijnen als je niets doet."
Ferhâldingsgewiis in soad beammen lizze al om yn dizze bosk © Omrop Fryslân, Remco de Vries