Auto folslein yn 'e jiske yn Harns; mooglik brânstichting

14 okt 2020 - 07:04

Yn de Abraham Kuyperstrjitte yn Harns is tiisdeitenacht in auto folslein útbaarnd. Doe de brânwacht arrivearre, stie de wein al yn ljochte lôge.

Foto: Jaring Rispens

De auto wie net mear te rêden, mar de brânwacht koe wol foarkomme dat it fjoer oersloech nei in auto derneist. Om't der mooglik sprake is fan brânstichting, ûndersiket de plysje de saak.

Trefwurden: 
Harns auto brân brânstichting
(advertinsje)
(advertinsje)