Wettersteuring yn Camminghabuorren yn Ljouwert troch brutsen lieding

14 okt 2020 - 07:34

Yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren komt op it stuit minder of gjin wetter út de kraan. Neffens wetterbedriuw Vitens is de oarsaak in stikkene lieding.

Foto: Vitens

Earder woansdeitemoarn melde Vitens noch dat meardere wiken yn Ljouwert troffen wiene troch de steuring.

It lek is yntusken lokalisearre: it sit yn in lieding oan de Glinstrastate yn Camminghabuorren. Húshâldens yn de omjouwing ûnderfine der op it stuit ek lêst fan.

Vitens is op it stuit dwaande mei reparaasjewurksumens. Wannear't de problemen ferholpen wêze sille, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)