Persoan ferwûne by oerfal oan de Vestaweg yn Ljouwert

14 okt 2020 - 06:25

Oan de Vestaweg yn Ljouwert hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in persoan besocht in oerfal te pleegjen. Dêrby rekke ien persoan ferwûne.

Krekt nei 2.00 oere waard de plysje alarmearre. In ûnbekend persoan hie besocht in oerfal te pleegjen by in bedriuw dat gniisgas ferkeapet op bedriuweterrein De Hemrik. Nei alle gedachten waard dêrby in rút forsearre mei in gniisgastank en in kamera fan de muorre slein.

By it foarfal rekke ien persoan ferwûne. Wa't dat krekt wie en wat dy persoan mei de oerfal te krijen hie, is net dúdlik. Dizze persoan is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

De resjerzje hat op it plak ûndersyk dien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)