Theater Sneek baalt: "De komende vier weken niet open voor podiumkunsten"

13 okt 2020 - 22:42

Teloarstelde reaksjes yn Theater Sneek op it beslút om maksimaal noch mar 30 minsken ta te litten. De konsekwinsje is dat de kommende fjouwer wiken alle foarstellingen net trochgean kinne. Wol sil der noch sjoen wurde oft der yn poppoadium Bolwurk noch wat kin. Opmerklik wie dat mei de parsekonferinsje in foarstelling fan De Verleiders opfierd waard, dy foarstelling gie foar in part oer dizze pandemy.

De foarstelling fan De Verleiders yn Theater Sneek - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Direkteur Wiebren Buma fan Theater Sneek is flink teloarsteld yn de nije regels fan it kabinet. "We voelden het natuurlijk al een beetje aankomen. Het betekent dat wij de komende vier weken niet open kunnen zijn voor podiumkunsten. We kijken wel of we bij poppodium Bolwerk of we voor dertig mensen wel iets kunnen blijven doen. Daar is ook behoefte aan. Maar we zijn wel afhankelijk van de artiesten, die ook een boterham moeten kunnen verdienen. En dat lukt niet met 30 mensen."

Parsekonferinsje ûnderdiel fan foarstelling

De parsekonferinsje wie ek noch in bytsje ûnderdiel fan de foarstelling yn it teäter. Foar de spilers wie it ek in klap, seit direkteur Buma. "Je voelt bij deze spelers de teleurstelling. We hebben ook aan het begin van de avond in de voorstelling zelf een stukje van de persconferentie gezien. Dan hoor je dit bericht. Je doet er alles aan om het coronaproof te organiseren. Het doet wel pijn."

Spiler Tom de Ket fan De Verleiders hat der in dûbel gefoel oan oerholden: "Het is bizar, een historische avond. Maar het is niet leuk, voor de cultuursector en de horeca is het een behoorlijke klap. De avond was wel leuk, maar deze maatregelen niet. De voorstelling gaat verder op de crisis die bij de banken ontstond, die nog eens wordt versterkt door de huidige coronacrisis."

Ferslachjouwer Willem de Vries by Theater Sneek

(Advertinsje)
(Advertinsje)