Tsientallen keunstwurken fan Museum Belvédère ​​​​​​​yn Denemarken te sjen

13 okt 2020 - 20:34

Ferskate keunstwurken fan Museum Belvédère yn Oranjewâld binne te sjen yn Denemarken. Tsientallen brûklienen binne te sjen yn de eksposysje Calm before the storm - Art from the Wadden Sea yn it Ribe Keunstmuseum yn Ribe.

Jan Wiegers, Waddendijk met schapen, 1932 - Foto: Museum Belvédère

Dit jier fiert it Deenske part fan de Waadsee in 10-jierrich jubileum as nasjonaal park. Dêrom is dêr in spesjale tentoanstelling foar opset. De 30 keunstwurken út de kolleksje fan Museum Belvédère hawwe allegearre it noadlik lânskip as ûnderwerp. Direkteur Han Steenbruggen is wiis mei de útstalling: "Het is altijd onze ambitie geweest om de kwaliteit van onze kunstenaars breed onder de aandacht te brengen." De eksposysje is oant en mei 10 jannewaris 2021 te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)