HEA! Sjitte op klaaidowen

13 okt 2020 - 19:49

It is in ferslaavjende sport, sa sizze se by KSV De Harste yn Sumar: klaaidosjitte. En it docht net ien sear, want it slachtoffer is in skyfke fan klaai. Ofrûne sneon wie de lêste dei fan it jier dat de leden harren jachtgewearen lade koene om de klaaidowen de loft út te sjitten. It is noch net sa maklik om raak te sjitten, of sa as foarsitter Fetze Woudman seit: "Do moatst einliks mis sjitte om de klaaido te reitsjen".

HEA! Sjitte op klaaidowen

(Advertinsje)
(Advertinsje)