Premier Mark Rutte: "We gaan naar een gedeeltelijke lockdown"

13 okt 2020 - 19:27

"Feitelijk gaan we naar een gedeeltelijke lockdown. Het aantal sociale contacten en reisbewegingen moet worden beperkt. Het is pijnlijk, maar de cijfers liegen niet," sei premier Mark Rutte op de parsekonferinsje oer it coronafirus tiisdeitejûn. Dêr is wer in grut tal nije maatregels presintearre. De nije maatregels geane woansdeitejûn om 22.00 oere yn.

Foto: ANP

It kabinet wol mûlkapkes ferplichtsje foar minsken boppe de 13 jier yn iepenbiere binnenromten. "We willen de slepende discussie voor eens en voor altijd beslechten. Juridisch moet het nog wel geregeld worden. We breiden de mondkapjesplicht ook uit tot het voortgezet onderwijs, het mbo en het hoger onderwijs." It giet noch om in driuwend advys, mar in ferplichting komt der neffens Rutte sa gau as mooglik oan.

Hoareka en winkels

De hoareka giet folslein ticht, seit Rutte. "De cafés en restaurants gaan weer dicht. Ook de terrassen, ook de coffeeshops. Hoe hard de horeca ook werkt, we kunnen er niet omheen. Eten halen mag nog wel, hotels kunnen open blijven. Het aantal clusters in de horeca is relatief beperkt, maar het gaat wel meteen om grote groepen."

Ek it ferkeapjen fan drank op jûntiid nei 20.00 oere wurdt ferbean. Dat is fysyk en online it gefal. "We willen voorkomen dat de kroeg zich naar de straat verplaatst. Daarom komt er een verbod op de verkoop van alcohol na 20.00 uur 's avonds. Ook komt er een verbod om na die tijd nog alcohol te nuttigen op straat."

Foar winkel wurde de maatregels ek stranger. "Voor winkels zetten we een streep door de koopavonden, behalve voor de levensmiddelenbranche. De supermarkten moesten al bepaalde winkeluren instellen voor mensen met een zwakkere gezondheid. Maar we gaan nog eens in gesprek om het deurbeleid aan te scherpen. Een winkel kan per direct worden gesloten als het te druk is," fertelt premier Rutte.

Wurk en sport

Premier Rutte ropt minsken op safolle as mooglik thús te wurkjen. "We zien helaas in gegevens over het openbaar vervoer en het aantal auto's dat de regels nog niet voldoende worden nageleefd." Ek dêr kin it kabinet yn hanthavenje as it om bedriuwen giet.

It kabinet leit teamsporten foar minsken boppe de 18 jier stil. "Kinderen en jongeren tot 18 jaar kunnen in teamverband blijven sporten, maar de competities worden stilgelegd om reisbewegingen te beperken. Topsporters kunnen wel blijven trainen en ook het betaald voetbal kan door zonder publiek."

Gjin groepen grutter as fjouwer byinoar

It kabinet wol dat der binnen en bûten gjin groepen byinoar komme dy't grutter binne as fjouwer minsken (útsein bern ûnder de 13 jier). De rjochtline om mar trije minsken op besite te krijen sil foar de hiele dei jilde. Wa't yn de moarntiid dus trije minsken op besite krijt, moat dus net jûns nochris oare minsken útnûgje. "We zullen hierop ook extra handhaven. In kleinere groepen kunnen minder mensen tegelijkertijd worden besmet. Een feit is dat achter de voordeur een groot aantal besmettingen word doorgegeven."

Rûtekaart mei risikonivo's

Tiisdeitemoarn lekte der al in rûtekaart út mei plannen fan it kabinet. Dêr binne fjouwer risikonivo's op te sjen: 'waakzaam, zorgelijk, ernstig en zeer ernstig.' Elts nivo wurdt bepaald troch in fêst tal besmettingen op 100.000 Nederlanners. Der binne maatregels dy't yn elts gefal naam wurde moatte, en ek maatregels dêr't oer neitocht wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)