FIDEO: Sjoch hjir de ekstra Fryslân Hjoed werom mei reaksjes op de coronamaatregels

Premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge holden tiisdeitejûn wer in parsekonferinsje oer it coronafirus. Ut namme fan it kabinet makken sy in grut tal nije maatregels bekend. Nei de parsekonferinsje wie der fuortendaalks in ekstra Fryslân Hjoed om nei te praten oer de nije situaasje.
Te gast wiene Joyce Walstra as foarsitter fan MKB Noord, en psycholooch Bernard Maarsingh. Ek boargemaster Sybrand Buma sil as foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân in reaksje jaan. Ferslachjouwers Auke Zeldenrust en Willem de Vries wiene op 'en paad yn de provinsje.