Mei digiTales moatte Fryske folksferhalen ta libben brocht wurde

13 okt 2020 - 18:20

Twa bedriuwen út Ljouwert kinne úteinsette mei de ûntwikkeling fan de digitale biblioteek digiTales, dêr't âlde folksferhalen yn ta libben brocht wurde. In subsydzje fan mear as 100.000 euro makket dat mooglik. It giet foarearst om trije Fryske folksferhalen dy't digitalisearre wurde: Rixt van het Oerd, De frou fan Starum, en It Spûk fan de Langesleat.

Foto: digiTales

It giet om de bedriuwen 8D Games en Bureau Maalstroom, dy't mei trije kulturele organisaasjes 100.000 euro krigen hawwe fan it Stimuleringsfonds voor de Creatieve Industrie . Ek hawwe se 13.500 euro fan de provinsje krigen. Tusken 2013 en 2019 hat provinsje Fryslân ynset op it digitalisearjen fan erfgoed, mar no moat it brûken dêrfan stimulearre wurde, sa sizze de bedriuwen.

"Grasduinen en gebruiken"

Mattie Boekema leit út dat der al in soad folksferhalen digitaal te finen binne. "Mensen kunnen vanuit hun huiskamer makkelijk grasduinen in ons erfgoed. Het ligt niet enkel in stoffige archieven, maar je kunt het ook gebruiken. Wij gaan daar nu een interactieve laag overheen leggen waar je mee kunt spelen. Kinderen tussen 6 en 12 jaar worden uitgedaagd om de verhalen te beleven. Zij kunnen op zoek gaan naar digitaal erfgoed: collecties, foto's, schilderijen, objecten, wrakkaarten, video's van het Fries Film Archief. Zo combineren we digitaal erfgoed met de huidige technieken."

Takom jier beskikber

Der koe keazen wurde út in grut ferskaat oan folksferhalen. "Het was een snoepwinkel waar we uit konden kiezen. Maar we hebben ook naar het beschikbare materiaal gekeken wat we erbij kunnen geven. Zo kwamen we bij de Amelander musea, die een schat aan erfgoed hebben. Maar ook het vrouwtje van Stavoren bijvoorbeeld."

It bliuwt net by trije ferhalen, seit Boekema. "Het is een behoorlijk project waar veel techniek bij komt kijken. Ook werken we samen met veel partners, zoals Tresoar, de musea, de bibliotheekservice Fers en de Afûk. We willen nog veel meer verhalen doen. We denken dat we ongeveer volgend jaar rond deze tijd de digiTales online hebben."

Mattie Boekema fan Bureau Maalstroom

Trefwurden: 
folksferhalen digiTales
(Advertinsje)
(Advertinsje)