V.V. Workum hopet dat der gjin 'grize gebieten' ûntsteane by coronaregels

It liket der op dat teamsporten foar folwoeksenen foarearst stillein wurde troch it kabinet. By v.v. Workum wachsje sy de nije maatregels kalm ôf. De fuotbalklup hopet wol dat der foar de jongelju ûnder de 18 jier de kommende tiid noch wat mooglik bliuwt. En dat de regels dúdlik binne, sa't der gjin 'grize gebieten' ûntsteane.
Foarsitter André Visser fan v.v. Workum © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Foarsitter André Visser fan v.v. Workum jout oan dat hy der ôfwachtsjend yn stiet. "Fan maart ôf hawwe wy der al mei te krijen. Hieltyd kinne je wer wat binnen de regels, mar dêrnei folgje der wer wat strangere regels. Mar ik tink dat wy der hjir reedlik nochteren yn stean. Alles falt en stiet mei hoe't je it nijs bringe oan de leden. Dogge je dat op in positive wize, dan giet it goed."

"Minsken byinoar bringe, dat kin efkes net"

It bliuwt wol ferfelend. "Wy runne wol in klup om minsken byinoar te bringen en sporte te litten. Dat kin efkes net." Visser hopet wol dat de jongste jongerein noch wat dwaan bliuwe kin de kommende tiid. "Foar de folwoeksenen stiet it hast wol fêst dat it de kommende perioade efkes neat wurdt. Wedstriden net en trainen net. Dus wy hope dat der foar de jongelju ûnder de 18 jier noch wol wat mei."
Ferslachjouwer Willem de Vries by v.v. Workum
Neffens Visser it it hanthavenjen fan de regels yn de measte gefallen net dreech. Mar dêr't de regels net folslein dúdlik binne, dêr is ek de kâns dat der wol diskusje komt. "De grize gebieten binne it meast lestich. Dêr hawwe je foar- en tsjinstanners by, dan krije je diskusje dy't je eins net wolle. Je moatte inoar wat skerp hâlde as it om it neilibjen fan de regels giet."

Finânsjes

Grutte finansjele problemen hat v.v. Workum noch net. "Ik tink dat der in soad klups binne dêr't de kantine mear as 40 persint fan de ynkomsten opsmyt. Mar wy sitte hjir mei in sportsintrum, de kantine is net fan ús en falt ûnder in stichting. Wat ús begrutting oanbelanget is it dus wol slutend en hat it net fuortendaalks skea. Wol foar sportsintrum De Rolpeal fansels. Wy hawwe noch net ien hân dy't seit: ik wol minder kontribúsje betelje. Wy binne tige wiis mei dy solidariteit. Dat jildt ek foar de sponsoaren. Der binne in soad oare klups dy't der hiel oars foar stean."
Foarsitter André Visser fan v.v. Workum