Boete foar manipulearjen fan foto fan plysjeman

13 okt 2020 - 17:18

In man fan Skylge hat in boete fan 450 euro krigen omdat er in manipulearde foto ferspraat hat fan in plysjeman fan it eilân.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

De fertochte wie lilk om't der in ynfal yn syn bedriuw west hie. Hy hie doe de foto fan de holle fan de plysjeman boppe op in man yn nazi-unifoarm plakt en dy trochstjoerd nei in freon. Dêrnei gie de foto al gau it hiele eilân oer.

De fertocht hat dêr yntusken syn ekskús foar oanbean. De plysjeman fielt him bot kwetst troch de aksje fan de fertochte. Dy moat njonken de boete ek noch 650 euro oan smertejild betelje.

Trefwurden: 
plysje Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)