Mear coronabesmettings by Cambuur-tsjinstanner NAC Breda

13 okt 2020 - 17:02

By fuotbalklup NAC Breda binne moandei opnij coronabesmettings oan it ljocht kaam. Ferline wike al waarden der yn de seleksje en by de stêf seis minsken posityf test op it firus. Hjirtroch koe de wedstriid tsjin De Graafschap fan ôfrûne wykein net trochgean. Sportklup Cambuur moat eins freed tsjin NAC spylje.

NAC Breda - SC Cambuur - Foto: Omrop Fryslân

De wedstriid tusken Cambuur en NAC jildt as in topper. De Brabanners steane earste yn de Keuken Kampioen Divisie wylst Cambuur op in tredde plak stiet.

Woansdei stiet er opnij in coronatest op it programma by de spilers en stêf fan NAC, dizze sille mooglik de trochslach jaan oer it al as net trochgean fan de wedstriid fan kommend wykein.

(advertinsje)
(advertinsje)