Bouwmeester pakt ferrassend de Europeeske titel

13 okt 2020 - 16:33

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat op de slotdei fan it EK Laser Radial de einoerwinning pakt yn it klassemint.

Foto: Marit Bouwmeester

Bouwmeester hat troch de oerwinning no de olympyske titel, de wrâldtitel en de Europeeske titel yn har besit.

Se like tiisdei kânsleas foar de titel, as nûmer twa hie se in efterstân fan 20 punten op titelhâldster Anne-Marie Rindom út Denemarken.

Dy sylde lykwols nei in 19e en in 16e plak, de Friezinne waard in kear twadde en earste en wint dêrtroch nei tolve races. Mei in úteinlike foarsprong fan twa punten op de Deenske Rindom.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen EK
(advertinsje)
(advertinsje)