Plysje pakt fertochte fan wapene oerfal yn Ljouwert

De plysje hat in man út Ljouwert oppakt dy't fertochte wurdt fan in wapene oerfal op in besoarger, ein maaie.
© Plysje
It slachtoffer waard mei in mes bedrige. De oerfal wie te sjen op kamerabylden. De plysje publisearre de bylden en oan de hân dêrfan koe de fertochte oanhâlden wurde. De man wurdt ek fertocht fan in oare strjitrôf, ferline jier oktober en in gefal fan stellerij, ferline moanne.