Filiaallieder Lidl Ljouwert die falske bommelding yn eigen winkel

13 okt 2020 - 15:36

De falske bommelding fan jannewaris 2019, yn de Lidl oan it Alexanderplein yn Ljouwert is dien troch de eigen filiaallieder. Dat die tiisdei bliken yn de rjochtbank dêr't de 37-jierrige Ljouwerter foarkomme moast.

Foto: Nick den Boer

De Ljouwerter woe yn earste ynstânsje neat sizze tsjin de plysje, mar doe't er foar de tredde kear heard waard joech er ta dat er sels de falske melding makke hie. Hjirtroch moast de supermerk folslein ûntromme wurde. Dat wie ek de bedoeling fan de man, om't er woe dat de plysje kaam. Hy sei dat er al in skoft bedrige waard troch manlju út East-Europa.

Bline panyk

De fertochte sei dat er yn in 'bline panyk' de klanteservice fan de Lidl belle hie. De tillefoaniste dy't it tillefoantsje oannaam krige in bommelding te hearren yn in East-Europeesk aksint. De bom soe yn Ljouwert lizze.

De melding waard serieus naam, wêrnei't sawol de Lidl as de Aldi ûntromme waarden.

Straf

De rjochter hie it yn de rjochtsaak oer 'hiele kwealike feiten'. Hy feroardiele de Ljouwerter ta in wurkstraf fan 40 oeren. Om't it motyf dizich bleau, fûn de rjochter it dêrnjonken nedich om in stôk efter de doar te hâlden troch middel fan in selstraf ûnder betingst.

De filiaallieder is troch de supermerk ûntslein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)