Ferwerter fertochte fan poging ta deaslach Dokkum langer fêst

13 okt 2020 - 14:50

De 35-jierrige Ferwerter dy't derfan fertochte wurdt dat er in 29-jierrige ynwenster fan Dokkum besocht hat te deadzjen as te fermoardzjen, bliuwt langer fêstsitten. De rjochtbank hat dat tiisdei bepaald.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

De frou waard yn de nacht fan 26 op 27 april earnstich mishannele yn har wenning oan de Schans yn Dokkum. Se rûn dêrby swiere ferwûnings oan de holle op. De frou hie trije skedelfraktueren, en se wie yn shock doe't de plysje by har wenning oankaam.

De fertochte hie besocht it hûs fan it slachtoffer yn brân te stekken, wylst har trijejierrige dochter noch yn de wenning oanwêzich wie. It famke moast nei it sikehûs ta.

Op de foarige pro-formasitting hie de rjochtbank bepaald dat de Ferwerter nei it Pieter Baan Sintrum moast foar ûndersyk, mar dit is noch net bard. Mooglik kin er begjin 2021 yn it Sintrum terjochte. De man woe graach nei hûs, mar de rjochtbank gie dêr net yn mei en hâldt de man yn alle gefallen noch trije moannen fêst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)