Gjin wite, mar giele nûmerbuorden by Fryske fakânsjeparken

13 okt 2020 - 13:33

It is hjerstfakânsje en gewoanwei lûke in soad minsken der dan op út, faak ek nei it bûtenlân. Noch even nei de sinne. Mar dat kin no net. In protte Nederlanners binne nettsjinsteande it advys om safolle mooglik thús te bliuwen dochs op fakânsje, mar yn eigen lân. En dat betsjut wer wat drokte op de fakânsjeparken.

Fryske Fakansjeparken

De parkearplakken by Eysingastate yn Sint-Nyk hiene dizze grôtfol wite nûmerbuorden stean moatten. Mar fanwege de hege oantal besmettings mei it coronafirus yn ús lân bliuwe de Dútske gasten foar in grut part fuort. Dochs binne der noch ridlik wat minsken dy't it fakânsjepark mei sa'n 50 bungalows oandogge.

Karin en Hans Leufkens út Limboarch binne twa fan dy besikers. Se hiene eins oare plannen foar dizze hjerst, mar troch omstannichheden sliepe sy no yn Sint-Nyk.

De plannen wiene Sardinië of Denemarken, en dan is Fryslân fansels wol wat oars. Al meitsje de Leufkens harren dêr net sa drok om: "Het is gewoon een hele andere vakantie: warm aankleden en dan naar de Waddenzee of het IJsselmeer en dan met een bak koffie in een restaurant."

Dat de plannen fan in soad fakânsjegongers yn sân hasten feroare wurde moasten merke se ek yn Sint-Nyk. Dieneke Soeting fan it fakânsjepark: "Sels juster wiene der noch minsken dy't boekten, en dy't deselde dei noch oankamen foar in wike fakânsje yn Fryslân."

Hoareka

Nettsjinsteande dizze positive lûden meitsje se harren by de Eysinga State wol soargen oer de parsekonferinsje fan tiisdeitejûn. Mooglik moat de hoareka opnij de doarren slute: "Dat is in strop foar de hoareka-ûndernimmer dy't hjir yn it restaurant sit."

De Limboargers wachtsje it ôf, se hawwe yn alle gefallen genôch plannen foar de kommende wike, dy't ek mei eventuele nije coronamaatregelen noch goed te dwaan binne: "Beetje rondrijden Stavoren, Joure, Wolvega. In verband met Covid doe je natuurlijk niet de grote steden."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by it fakânsjepark yn Sint-Nyk

Oanpasse

Efkes fierderop, by in fakânsjepark yn Langwar, tinke de gasten der ek sa oer. "Wij komen uit Amsterdam en zijn vaak in Friesland te vinden," begjint Bas Verschoor syn ferhaal. Hy is mei syn famylje en in pear freonen nei it doarpke kommen. "Iedere gezin heeft een eigen huisje en dus hebben we hier prima de ruimte. De kinderen spelen leuk en dan zijn de ouders ook blij." By Langwar binne se lykwols ôfhinklik fan de hoareka yn de omkriten. Minsken wolle dochs in hapke bûten de doar ite. "Maar wij maken ons niet druk over die sluiting," seit Verschoor. "We passen ons aan en als het zo is, dan zien we wel verder."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by bungalowpark Langwar

Spannend

Behearder Bauke Jonkman fynt de hjerst wol in spannende perioade. "It is moai om te hearren dat net eltse gast him drok makket, mar dochs is it foar ús wol spannend. We witte net wat der komt en hoefolle minsken noch wolle, as se neat dwaan kinne hjir. We sille sjen hoe't dat útpakt. Foar de hjerst binne yn elts gefal alle 15 húskes dy't we hawwe folboekt, mar it feroaret sa fluch. Hjoed wiene der al twa annulearringen. Wy sille sjen."

Oersjoch

It hat oant no ta in útdaagjend jier west foar de toerismesektor yn ús provinsje. Neffens de sifers fan it CBS is yn it twadde fearnsjier fan 2020 in dúdlike delgong te sjen yn it tal oernachtings yn de provinsje. Yn de simmermoannen waard dit wer wat kompensearre, mar it binne dizze hjerstmoannen dy't útwize moatte oft de skea fan it foarjier goedmakke wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)