30 moannen sel easke foar misbrûk styfdochter

In 50-jierrige ynwenner fan Wolvegea moat mooglik moannenlang de sel yn foar it misbrûken fan syn styfdochter. It Iepenbier Ministearje easket in selstraf fan 30 moannen tsjin de man. It misbrûk wie tusken jannewaris 2017 en maart 2018. It slachtoffer wie doe 16 en 17 jier âld.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Wolvegeaster waard troch de mem fan it slachtoffer betrape. Se wie nachts wekker wurden en moast nei de wc. Doe't se in doar iependie seach se har freon by har heal neaken dochter stean. De fertochte ûntkende yn de rjochtbank dat der wat spile tusken him en it slachtoffer. De mem hat úteinlik oanjefte dien.
De frou hie al langere tiid it idee dat der wat spile tusken de fertochte en it slachtoffer. Ek de jongste dochter fan de frou seach dat de fertochte folle mear tiid bestege oan de âldste dochter.
De offisier fan justysje fynt dat ûntucht bewiisd wurde kin. Neffens de offisier hat de man misbrûk makke fan it fertrouwen dat er hie as fersoarger.
De rjochter docht oer twa wiken útspraak.