Trije húsdokters yn Snits besmet mei coronafirus

13 okt 2020 - 13:16

Trije húsdokters yn Snits binne besmet mei it coronafirus. Se hawwe mylde klachten en wurkje fanút hûs. It giet om twa húsdokters fan deselde praktyk en ien dokter fan in oare praktyk.

Foto: ANP

Om privacyredenen is net bekend makke yn hokker praktiken de húsdokters wurksum binne. Foar de pasjinten soe der gjin besmettingsgefaar west hawwe. Dat seit in oare húsdokter, dy't fan de sitewaasje op de hichte is.

Oare húsdokters nimme no de soarch foar de pasjinten oer. Utsein de trije dokters soene der gjin oare meiwurkers út de praktiken besmet rekke wêze.

It is net dúdlik hoe't de húsdokters it firus oprûn ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)