Fiif jier langer tydlike natuer by ECOmunity park yn Easterwâlde

Planten en bisten krije mear tiid en romte op it ECOmunitypark yn Easterwâlde, no't de Provinsje Fryslân de ûntheffing foar tydlike natuer ferlinge hat. Mei dizze frijstelling kin braaklân op it bedriuweterrein beskikber steld wurde foar natuerûntwikkeling.
It Keninklik pear wie earder dit jier ek op it ECOmunitypark © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It ECOmunitypark yn Easterwâlde is oant no ta noch it iennige bedriuweterrein yn Fryslân dat in grut part ynrjochte hat mei tydlike natuer, om de lokale biodiversiteit te ferbetterjen. Neffens inisjatyfnimmer Jan Zwart hat de natuer in posityf effekt op de bedriuwen en benammen de wurknimmers: " Een groene werkomgeving heeft vele voordelen voor mens én natuur."

Risiko's

It liket in gefaarlike tsjinstelling: natuer op in plak dêr't mooglik yn de takomst noch boud wurde sil. Want wat no as der in beskerme diersoarte fûn wurdt? Dêr hat de hjoeddeistige ûntheffing lykwols yn foarsjoen, want mei de ûntheffing 'Tydlike Natuer' wurdt derfoar soarge dat de eigener fan it terrein de mooglikheid krijt om dizze bisten op in goeie wize fuort te heljen.