Protest tsjin oanlis parkearplak yn Ljouwert fanwegen âlde beammen

13 okt 2020 - 11:08

Oan de Sophialaan yn Ljouwert wurdt op it stuit protestearre tsjin de oanlis fan in parkearterrein. Neffens Bomenridders Leeuwarden soe it parkearplak te'n koste gean fan twa âlde bûkebeammen op it terrein.

Protest tsjin oanlis parkearplak

De beammen, wêrfan't ien opnaam is op 'e lanlike monumintelist, stean op it terrein fan Aquario Vastgoed. De ûndernimmer is fan plan kantoaren te ferhieren yn it pân en wol dêrom parkearplakken oanlizze. Neffens Bomenridders Leeuwarden sille de beammen dat net oerlibje.

De eigener fan it pân lit witte dat it parkearplak folle wurde sil mei gryn, wat derfoar soarget dat it wetter gewoan by de grûn komme kin, mar de auto's der wol op parkearje kinne. Der is lykwols gjin fergunning ôfjûn foar de oanlis dêrfan, wêrtroch't it túnbedriuw dat dwaande wie mei de oanlis foartidich har wurk dellizze moast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)