Yn de rige foar de nije coronateststrjitte yn Ljouwert

13 okt 2020 - 10:17

Foar't de nije coronateststrjitte yn Ljouwert tiisdeitemoarn syn doarren iepene, stie der al in aardige rige. In soad minsken woene har om 9:00 oere fuortendaliks teste litte yn it nije testsintrum fan U-Diagnostics op yndustryterrein De Hemrik. Dat sintrum siet earder yn in skybox yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.

Nije coronateststrjitte Ljouwert

Der stiet in grutte kontener en in grutte tinte op de Pallasweg 14 op De Hemrik. Hjirtroch kinne minsken drûch bliuwe mocht it de kommende hjersttiid reine.

Op it terrein is romte foar tolve auto's, dy't fan 9:00 oant 13:00 delkomme kinne foar in test. Mocht it te drok wurde, dan hat it bedriuw noch de mooglikheid om de doarren langer iepen te hâlden. "Mensen hebben zich van tevoren aangemeld en hebben een barcode gekregen, waarmee ze de tent in kunnen komen rijden en dan worden ze getest", leit Anita Stokman út.

Fakânsje en trochwurkje

Dat der grut ferlet is fan dit soarte kommersjele teststrjitten docht fuort op de earste moarntiid al bliken: "Er waren al iets van 80 aanvragen voor deze ochtend, dus ik denk dat we ons niet hoeven te vervelen."

De teststrjitte is ûnder oare bedoeld foar minsken dy't op reis sille en dêrby in negative coronatest sjen litte moatte. Mar ek minsken dy't foar harren wurk yn kontakt west hawwe mei immen mei corona. "Om de rest van het bedrijf door te laten draaien wil een werkgever weten of zijn werknemer positief of negatief is."

It is lykwols net de bedoeling dat minsken foar elk 'wissewasje' nei de teststrjitte komme seit Stokman. "Op een gegeven moment is het materiaal wel op."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman krijt útlis oer de wurkwize

Wurkwize

Yn de tinte op de Hemrik kinne in pear auto's achter elkoar stean. "Wij komen dan uit het gebouwtje, we scannen de code die mensen bij zich hebben en dan nemen we een test af. Dat kan of een keelswab zijn of een keelneusswab, afhankelijk van het type test dat mensen hebben", leit Stokman út.

Yndividuele testers krije neffens Stokman in kielswab. "Maar er zijn ook mensen die zich als poule hebben opgegeven." Dy krije in kielnoasswab. "Dat gaat in één buisje. Als de hele groep negatief is, ben je minder materiaal kwijt. Zijn ze wel positief, dan moet iedereen nog een keer getest worden."

De tests fan U-Diagnostics wurde itselde útfierd as dy fan de GGD. "Ook die gaat ver achterin de keel. Dan wordt er met een schrapertje wat slijm losgehaald en dat wordt dan verstuurd naar een laboratorium."

Der hat lykwols ek diskusje west oer de betrouberens fan de testen fan kommersjele bedriuwen, mar Stokman stiet achter har bedriuw. "Ik kan alleen maar voor dit bedrijf spreken, maar die PCR tests worden meegenomen naar de grote labs." It giet dan om labs yn Rostock en Keulen, "en die zijn door het RIVM goedgekeurd."

Anita Stokman leit út wa't der yn oanmerking komme foar in test

Goedkeaper

De minsken dy't tiisdeitemoarn by de teststrjitte yn Ljouwert delkamen foar in test kamen net allinnich mar út Fryslân, mar bygelyks ek út Grinslân. Dit hat foar in part te krijen mei de beskikberens fan tests yn Fryslân, mar ek mei de priis, sa sizze ferskate besikers. "It is de helte goedkeaper as yn Almere!" ropt ien fanút de auto. In oare besiker hat krekt nei de prizen yn de oare buorprovinsje sjoen: "De Groningers zijn de duurste."

Harkje nei ferskate reaksjes fan minsken dy't in test krige

(Advertinsje)
(Advertinsje)