Kollum: "In mearderheid fan folsleine idioaten"

13 okt 2020 - 08:20

"De minske fan tsjinwurdich is in nei syn aard egoïstysk en bûtengewoan aaklik skepsel. Dat is it oerhearskjende byld as jo deistich it nijs folgje, meidraaie yn de prestaasjemaatskippij en geregeld in rûntsje oer sosjale media meitsje. It byld dat him oantsjinnet is dat fan in mearderheid fan folsleine idioaten, fan narsisten dy't it eigen belang oanbidde, fan materialisten dy't miene dat jild en status in rjocht is yn stee fan in fertsjinste, twa hûzen en trije auto's noch net genôch fine. Rappers fan achttjin en guon boomers allyk.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Willem Schoorstra

Unwillekeurich tsjinnet fraach acht fan haadstik twa fan de Heidelbergse kategismus him oan: 'Mar binne wy sa ferdoarn dat wy net by steat binne ta it goede, allinne ta it kweade?' It antwurd dat de kategismus jout is: 'Ja, de minske hinget oer nei it kweade.'

Mei dy oanname hat de polityk ek altyd de wetjouwing opsteld. De measte minsken doge net, dêr moat rekken mei hâlden wurde. Synysk en realistysk tagelyk. Tsjek wat dat oangiet de filmkes fan automobilisten dy't inoar fan de dyk ride om't se hastich binne, as tajefte in middelfinger opstekke of inoar mei in honkbalkneppel de ruten of de harsens ynslaan. Sjoch nei de binde dy't yn de natuer achterbliuwt as minsken te kuierjen west ha. Harkje nei de boomboksen op it strân op maksimaal folume, fan tolve oere middeis oant tolve oere nachts. Om it oer de omgongsfoarmen yn de Twadde Keamer mar net te hawwen.

Trouwens, foarige wike seach ik in filmke fan Italiaanske kajakkers dy't op in wylde stream oan it farren wiene. Op in stuit seagen se in jong hart dat troch it wetter meiskuord waard. It bist stie op it punt fan fersûpen. Net sûnder gefaar foar himsels slagge it ien fan de kajakkers om it hart op syn boat te krijen en it nei de wâl te bringen. Dêr rosten se har drûch oant it wer op 'e poaten stie en har gong gean koe.

Dêrnei tocht ik oan de briefkes dy't mei de earste coronaweach yn appartemintekompleksen ophongen waarden, wêryn't âlderen help oanbean waard. Oan alle stúdzjes oer it hâlden en dragen fan minsken by rampen en krises, dêr't út blykt dat fierwei it meastepart kalm bliuwt en inoar helpt. Hoewol't ik it sels net lêzen ha, is dat ek de stelling fan Rutger Bregman syn boek De meeste mensen deugen. Dat stiet heaksk op myn eardere observaasje dat de mearderheid fan de minsken út folsleine idioaten bestiet.

Ik kin dus net sizze oft Bregman gelyk hat. Mei fraach en antwurd fan de Heidelbergse kategismus yn de achterholle, tink ik dat it benammen giet oer hoe't wy omgean mei de werklikheid fan goed en kwea, dat dy wizer by alle minsken soms de iene, soms de oare kant útslacht. Mar hjoed telle de konklúzjes fan de ûndersiken foar my, de briefkes yn de appartemintekompleksen en de titel fan Bregman syn boek. Omdat ik it frekte graach wol. Omdat ik it hoopje."

(advertinsje)
(advertinsje)