Kabinet komt mei 'gedeeltelijke lockdown'; Buma: "Houd je ook binnen aan de regels"

13 okt 2020 - 22:57
  • 143 nije besmettings meld op tiisdei yn Fryslân, moandei wiene dat der 294;
  • Kabinet wol mûlkapkeplicht yn iepenbiere binnenromten
  • Maksimaal trije minsken op besite, oer de hiele dei
  • Teamsport foar folwoeksenen foarearst skrast
  • Hoareka moat hielendal slute en gjin alkoholferkeap mear yn jûnsoeren.
22:56
Ein fan dit liveblog:

Oant safier dit liveblog oer it coronafirus fan tiisdei 13 oktober 2020. Woansdeitemoarn binne wy der wer mei in nij liveblog. Eltsenien tank foar it folgjen.

22:22
Wurkjouwers wolle ekstra stipe foar ûndernimmers

Wurkjouwersorganisaasjes VNO-NCW en MKB Nederland fine dat der ekstra stipe komme moat foar ûndernimmers. Dan giet it bygelyks om sektoaren as de hoareka, eveneminten en transport. De organisaasjes wolle in 'time-out en stopregeling.' Dêrmei soene ûndernimmers sûnder skulden tydlik ophâlde moatte kinne, om derfoar te soargjen dat bedriuwen net fallyt geane. Sa'n regeling is lykwols wol dreech want ek skuldeaskers, it UWV en de belestingtsjinst moatte der oan meiwurkje.

22:01
LTO oer gefolgen foar de lân- en túnbou
21:57
Nije museumprotokollen

De Museumvereniging hat witte litten dat de nije coronamaatregels ek gefolgen hawwe foar de protokollen fan musea. Sa binne mûlkapkes tenei ferplichte foar eltsenien boppe de 13 jier en moat de hoareka yn musea ek ticht bliuwe (ek as dy net tagonklik is foar minsken dy't net nei it museum sels geane).

21:55
SneekermeerRun ferpleatst nei maaie 2021

Takom sneon soe de SneekermeerRun wêze, mar fanwegen it coronafirus kin dat net trochgean. Dat is neffens de organisaasje besletten troch de gemeente en Veiligheidsregio Fryslân. "Nu er momenteel nog meer maatregelen volgen om het coronavirus in te dammen leggen wij ons neer bij het besluit van de gemeente."

Wol hat de organisaasje in nije datum foar it evenement keazen. De SneekermeerRun moat no op snein 9 maaie 2021 hâlden wurde.

21:11
Thialf bliuwt foar topsporters foarearst iepen

Iisstadion Thialf op It Hearrenfean bliuwt foarearst iepen foar topsporters om te trainen. Wol wurdt der noch ûndersyk dien nei oft de fjouwer NK-langebaanwedstriden en de twa shorttrackwedstriden trochgean kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema
20:03
Ferslachjouwer Willem de Vries by v.v. Workum

Foar de senioaren is it fuotbal foarearst efkes oer by v.v. Workum. Foarsitter André Visser hie de maatregels al wol ferwachte. "Sjoen nei de reaksje fan Rutte kinne wy ek net oars dan dêr begryp foar hawwe. As it in bydrage docht om it oantal kontakten te beheinen en in stap te meitsjen, dan kinne wy net oars."

In hurd gelach bliuwt it wol. "Wy binne fleksibel, mar it entûsjasme nimt hieltyd wol wer efkes ôf mei sokke maatregels. Mar it is nedich en wy sjogge út nei it moment dat wy wol wer allegearre fuotbalje kinne," seit Visser.

Fuotbal

19:55
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust by hoareka yn Snits

Joris Hagting fan restaurant Aan de Gracht yn Snits jout in reaksje op it sluten fan de hoareka de kommende fjouwer wiken: "Het voelt een beetje alsof je je examentelefoontje krijgt. En ik denk dat we gezakt zijn. De klap is groot. Het gaat om vier weken, maar ik denk dat het wishfull thinking is. Ik denk dat het iets langer gaat duren. Maar ik denk dat je de horeca open had moeten houden, zodat je contactmomenten thuis en op straat kon voorkomen. Door mensen te beperken in het uitgaan, dwing je ze bijna om andere mogelijkheden te zoeken. Lekker thuis met twintig man of in een park omhangen. Het gebeurt."

Hoareka

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)